|

It kommende smookferbod yn de hoareka giet lang net fier genôch om minsken fan it smoken ôf te krijen. Dat fynt de lanlike Vereniging van Longartsen NVALT.
Twa longartsen út Beverwyk ha fiergeande foarstellen dien om minsken it smoken te behinderjen. Sa soe tabak trije kear sa djoer wurde moatte en mei der net mear op it skoalplein smookt wurde. Fryske smokers fine de plannen mar neat. Ek pomphâlders binne net sa wiis mei dizze foarstellen.
Sjoch nei de reportaazje van Omrop Fryslân, mei meiwurking van longarts Eppinga fan Sikehûs Nij Smellinghe in Drachten.
Meer ynformaasje: Stopje mei smoken
|